close
Springe nei ynhâld

Skettens

Ut Wikipedy
Skettens
Doarpsicht mei Tsjerke fan Skettens
Doarpsicht mei Tsjerke fan Skettens
Emblemen
BERJAYA               BERJAYA
Bestjoer
LânBERJAYA Nederlân
provinsjeBERJAYA Fryslân
gemeenteBERJAYA Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal240 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak3,86 km² (3,79 km² lân, 0,07 km² wetter)
Befolkingsticht.63 ynw. /km²
Oar
FerkearsierenA7
Postkoade8744
Netnûmer0517
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 5' NB, 5° 29' EL
Huzen oan 'e Wytmarsumer Feart
Huzen oan 'e Wytmarsumer Feart
Protestantske tsjerke fan Skettens
Protestantske tsjerke fan Skettens
Offisjele webside
Side Skettens-Longerhou
Facebookside fan Skettens-Longerhou
Kaart
Skettens (Fryslân)
Skettens
Kaart
Doarpsicht mei Tsjerke fan Skettens
Himrik fan Skettens (grien) yn 'e eardere gemeente Wûnseradiel

Skettens is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, tusken Wytmarsum en Boalsert. Troch it doarp hinne rint de Wytmarsumer Feart. It doarp leit justjes benoarden de A7 fan Boalsert nei de Ofslútdyk. Skettens arbeidet in soad op mei it buordoarp Longerhou dat oan oare kant fan de A7 leit.

Skettens hat 240 ynwenners (1 jannewaris 2023). Under Skettens falle de buorskippen Bittens en Sotterum en de eardere buorskip Filens.

De figueren yn it doarpswapen komme út it famyljewapen fan de Osinga's dy't east fan it doarp in stins hienen. Yn de herfoarme tsjerke lizze noch sarken fan de famylje, lykas de libbensgrutte ôfbyldingen fan de ferstoarnen en wol fan Sybrand fan Osinga en Atke fan Aggema. Teffens binne de sark en grêfkelder fan Skelte fan Aysma en fjouwer famyljeleden noch oanwêzich.

It doarp waard yn 855 foar it earst neamd as Sceddanuurthi en yn 944 as Scettefurt. Nei mooglike ynfloeden fan oare nammen yn 'e omkriten waard letter it efterheaksel -ingi ("hearrende by") brûkt. Yn 1275 komt de fariant Scertinghe (moat Scettinghe wêze) en yn 1335 Scettinghen. De Fryske evolúsje fan -ingi nei enze kin sjoen wurde yn 1447 doe't Schettense neamd waard. Fan 'e ein fan 'e 15e iuw ôf komt Schettens hieltyd mear foar. Yn 'e âldste oerleverings is it twadde part in ferdútsking fan it Aldfryske -wurthi, dat terp betsjut. It earste part fan 'e namme wurdt foarme troch de persoansnamme Skatho mei de grûnbetsjutting "skat", "besit". In sibskip mei it Aldfryske sket ("fee") is minder foar de hân lizzend, dochs etymologysk sjoen leit der wol in ferbân tusken dy eleminten.

Skettens is ûntstien op in terp. De terp en dy fan de omlizzende buorskippen lykas Bittens, Sotterum, Brúndyk, 't Foart en 't Gruthôf moatte al 2000 jier lyn bewenne west hawwe. Dat docht bliken út de argeologyske fynsten út 'e 19e iuw, lykas yn 'e terp fan Bittens doe't dy ôfgroeven waard, dêr't potten mei ierdewurksiersels en skeletten fûn binne. Ek waard der mid 19e iuw by it graven fan in daam in gouden munt út 'e 15e iuw fûn mei in ôfbyld fan 'e Utertske biskop Rudolf fan Diepholt.

By de terp fan Sotterum waard yn 'e 15e iuw de Osingastate boud en útwreide mei in dûbelde grêft yn 'e 17e iuw troch Sybrand fan Osinga, grytman fan Wûnseradiel. De stins wie it wenplak fan de lagen fan Fan Osinga en letter fan Fan Aysma. Doe't de lêste bewenner yn 'e 18e iuw nei Sutfen ferfearen, waard de stins omboud ta pleats. De pleats baarnde yn 1982 folslein ôf. De terp fan Sotterum, lykas dy fan Bittens, waard yn 'e 19e iuw folslein ôfgroeven. Yn 2015 sette in argeologyske opgraving útein troch it terpesintrum fan de Ryksuniversiteit Grins.

Op Filens wenne it laach Fan Aylva, dochs oant 1949, doe't der in weryndieling wie, hearde dy buorskip noch ûnder Wytmarsum.

Justjes súdlik fan Skettens rûn yn de iere midsiuwen de Marneslinke. Nei't de Marne drûchfoel waard de Marnedyk in ferkearsdyk. Yn 1857 waard de dyk fan Skraard oer Longerhou nei de Marnedyk ferhurde. Letter kaam de steamtram fan Snits-Boalsert-Harns oer de Marnedyk en op it Skettenser gruthôf, letter mei in lytse herberch foarsjoen, kaam de tramhalte.

Nei de Twadde Wrâldkriich wie der wat nijbou yn it doarp, lykas de Skelte van Aysmastrjitte dy't neamd waard nei kolonel Skelte fan Aysma, dy't op de Osingastate wenne hat.

Oant 2011 lei Skettens yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Fan 2016 ôf wie der suver in "skeltemania" yn Skettens, doe't de helm fan kolonel Skelte fan Aysma yn 'e tsjerke fannijs ûntdutsen waard. It jiers dêrnei waard de grêfkelder fan Fan Aysma ûntdutsen by in restauraasje. Yn 2017 en 2018 waard der DNA-ûndersyk dien op de fûne plassen en ta einbeslút koe plasse IV oan kolonel Skelte fan Aysma taskreaun wurde. Dat wie mooglik om't der in alderlêst famyljelid opspoard wurde koe, dy't deselde DNA skynde te hawwen. Ek waard der in mummifiseare kat fûn.[2] Foar de lânmacht wie dat reden en wurkje mei oan de "remake" fan in 17e iuwske lykstaasje, dêr't Skelte fan Aysma fannijs byset waard yn 'e grêfkelder yn 'e tsjerke fan Skettens. Yn septimber 2018 wurke heal it doarp mei oan in muzykteäterstik oer de kolonel, mei de tapaslike namme "Skeltemania". It stik waard seis kear opfierd op it plak fan de eardere Osingastate en de tsjerke.

It terpdoarp hie in herfoarme en in grifformearde tsjerke. Nei 1580 foarmen Skettens en Longerhou tegearre in tsjerklike gemeente. De Herfoarme tsjerke is fan 1865, mar op itselde plak stie yn de midsiuwen al in tsjerke dy't mear as ien kear ferboud en werboud is. Dy tsjerke hat mooglik in sealdaktoer hân. De grifformearde tsjerke waard oprjochte op 7 desimber 1888 yn in houten skuorre. Oant de werklike bou fan it tsjerke yn 1907 waarden de tsjinsten út dy tsjerke wei hâlden. Sûnt 2005 wurdt it gebou net mear brûkt en is de pastorije yn priveebesit.

BERJAYA
Scertinga State
BERJAYA
Sicht op Skettens

Skettens hat mei Longerhou in feriening foar Doarpsbelang dy't syn gearkomsten hat yn doarpshûs De Terp. Winterdeis is der soas. Viadukt is it doarpskrantsje dat sûnt septimber 1983 alle moannen ek yn Longerhou ferskynt. De namme fan it krantsje komt fan de fiadukt oer de A7 dy't de twa doarpen ferbynt. Oan de Van Osingawei stiet basisskoalle De Trijetine, dy't oant en mei skoaljier 2017/18 de doarren slute moast omreden te min learlingen. .

  • SLS - keatsen
  • De Pommeranten - biljerten
  • Lyts Begjin - klaverjassen
  • De Lofstem - koar

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1749 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2009 2018 2021 2023
90 140 341 312 307 301 278 284 274 275 265 240

Bittenserpaad, Filenserwei, Fjouwersprong, Marnedyk, Skelte van Aysmastrjitte, Van Osingawei.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tabel: Befolking; moannesifers de gemeente en oaree regionale yndieling, 1 jannewaris 2023, Sintraal Buro foar de Statistyk, Foarburch/Hearlen
  2. Mummifisearre kat fûn yn tsjerke fan Skettens. Omrop Fryslân (4 jannewaris 2017). Oproppen op 23 jannewaris 202623 jannewaris 2026.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Skettens fan Wikimedia Commons.
BERJAYA Súdwest-Fryslân BERJAYA
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAltenaAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenBrânburrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEambuorrenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoarstersylFallingabuorrenFeytebuorrenFiifhûsFilensFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenYmswâldeYndyk (Boazum)Yndyk (Parregea)IngwertIngwierYsgumYtsumJethJonkershuzenJousterpJouswertKathuzumDe KampenDe KatKathuzumKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenLonjéMakkum (Boazum)MeilahuzenMonebuorrenMontsamabuorrenMountsjewierMûntsebuorrenDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesyl't NoardOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSylsterbuorrenSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)'t SouSpearsSpykIt StrânSwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumer KettingWonnebuorren
BERJAYA · BERJAYA · Berjocht bewurkje