close
Springe nei ynhâld

Rykswei 7

Ut Wikipedy
A7
Langte: 230,2 km
Kaart
BERJAYA

De Rykswei 7, ek A7, is in autosneldyk (A7) en autowei (N7) fan Saandam oer de Ofslútdyk nei de Dútske grins. De Ryskwei A7 is, útsein it part tusken Saandam en it Knooppunt Saandam, ûnderdiel fan de E22. Mei likernôch 236 kilometer langte is de A7 de langste rykswei fan Nederlân. Yn syn hjoeddeistige foarm mei skate rydbanen oer it grutste part fan it trasee waard de A7 fierhinne oanlein yn 1975.

Wat foarôf gie, Rykswei 43

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de feroaring fan it Rykswegeplan 1927 wurd yn it Rykswegeplan 1932 de ferbining Surch - Snits - It Hearrenfean - Grins opnommen. De nije plande ferbining troch Súdwest-Fryslân wurdt posityf ûntfongen yn de krisistiid. De ekonomyske krisis treft de súdwesthoeke fan Fryslân nammentlik behoarlik hurd en lokale bestjoerders wolle om de ekonomyske ûntwikkeling te befoarderjen sa gau mooglik rykswei 43 oanlein sjen.

Yn 1934 besleat de minister dat oanlis fan de dyk finansierd wurde soe út it saneamde 60-miljoen-plan. It iennige ûnderdiel fan it oarspronklike plan foar rykswei 43 dat sneuvele wie dat de dyk om finansjele redenen net sa as pland om Snits laat waard. In rûnwei soe op it plak sels tefolle keunstwurken ferge hawwe en de ekstra miljoenen dêrfoar wiene net beskikber. Yn 1935 waard al besletten dat fan 1936 ôf de wurksumheden oan rykswei 43 oanfange meie soene, wêrby't de folslein ûntbrekkende parten Ofslútdyk - Harkesyl en Snits - De Jouwer as earste yn útfiering nommen wurde soene. Op 19 febrewaris 1938 wurde de earste 5 km fan rykswei 43 tusken de Ofslútdyk en Harkesyl iepensteld.

Yn april 1940 wiene de wurksumheden oan it dykfak Snits - De Jouwer sa foardere dat se ferwachte de dyk earne yn maaie iepen stelle te kinnen foar it ferkear. Yn de tuskentiid waard Nederlân lykwols belutsen by de Twadde Wrâldkriich. De nije dyk waard net skansearre mar fan in feestlike iepening wie op 17 juny gjin sprake mear. De dyk wurdt iepene sûnder seremoansjeel of feestlikheden. De beheiningen op it brûken fan auto's makken dat fan de dyk mar in hiel lyts bytsje gebrûk makke waard.

Nei de Dútske ynfal wiene de wurksumheden oan it dykfak Harkesyl - Boalsert - Snits, dy't al fier hinne wiene, hast fuortendaliks stillein. Pas yn augustus joech de besetter tastimming om materialen frij te meitsjen om dit dykfak ôf te meitsjen. Op 12 desimber 1940 koe dit part fan de rykswei 43 iepensteld wurde. Der waard hjirnei al fjirder wurke oan it part De Jouwer - It Hearrenfean mar de besetter stelde gjin materialen beskikber dat folle mear as de rûchbou koe der net oanlein wurde. Pas yn desimber 1950 wurd de dykfak nei It Hearrenfean iepensteld, no noch sûnder it ferkearsplein en dêrmei de oansluting op de Rykswei 32.

It oanlizzen fan it ferkearsplein op It Hearrenfean begjint yn 1952. It plein, in rotonde dêr't de sirkel in straal fan 72 meter krige, waard op 11 desimber 1953 iepene, mei it trochlûken fan rykswei 43 oant dit ferkearsplein, hjirmei kaam ek de ferbining mei de Rykswei 32 ta stân. Yn 1954 wurdt slachfeardich begûn mei de oanlis fan dyk tusken It Hearrenfean en Drachten, mar Drachten wurdt pas yn 1958 berikt.Yn de perioade oant 1 july 1960 folgje op 't lêst alle ûntbrekkende dielen, wêrmei't yn heech tempo de lêste dielen rykswei tusken Drachten en Grins mei ree kamen.

Wie elkenien yn earste ynstânsje út de skroeven mei de nije dyk. Yn de 1960-er en 1970-er jierren waard de inkeldbaansdyk, mei 113 lykflierse krúspunten, pleage troch slimme almeast deadlike ferkearsûngemakken. It hege tal ûngemakken late derta dat de wei de bynamme "Ryksdeadewei" krige. Dizze soarchlike situaasje resultearre yn plannen foar de ombou ta autosneldyk Rykswei 7.

De A7 begjint by it Knooppunt Saandam dêr't er fuortkomt út de N7 en oanslút op de A8. Dêrwei rint er oer Purmerein, Hoarn, troch de Wieringermar, by Den Oever lâns oer de Ofslútdyk hinne. By Surch leit om ôfslach 15 hinne it Knooppunt Surch mei ferbining mei de A31 nei Harns en Ljouwert. Dêrnei rint er oer Boalsert nei Snits ta. By Snits slút de A7 oan op de N7 dy't dêr om de stêd hinne giet en foarmet er in part fan de Ring Snits. Oan de oare kant fan de stêd begjint de A7 wer. By De Jouwer, tusken ôfslach 23 en 25, leit it Knooppunt De Jouwer mei oansluting op de A6 nei Emmeloard. By It Hearrenfean leit tusken ôfslach 26 en 26a it Knooppunt It Hearrenfean, mei ferbining mei de A32, nei Ljouwert en Swol. Dêrnei rint er by Drachten del en de ôfslaggen 30 en 30a foarmje it knooppunt Drachten mei in ferbining mei de N31 nei Ljouwert ta en de N381 nei Easterwâlde en Emmen. Dêrnei rint er by Fryske Peallen en De Like del nei Grins ta. By Grins slút de A7 op Knooppunt Julianaplein, mei ferbining mei de A28 en de N7. Oan de oare kant fan de stêd begjint de A7 wer by it Knooppunt Europaplein en rint er oer Hegesân, Wynskoat dan fierder nei Bad Nijeskâns oer de grins hinne dêr't er as Bundesautobahn 280 fierder giet oant Dreieck Bunde, dêr't er oanslút op Bundesautobahn 31, dy't in ferbining fan it Ruhrgebiet mei East-Fryslân foarmet.

Rûteferoaring Saandam

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
BERJAYA
De rûte tusken knooppunt Saandam en Saandam-Súd is dûbel nûmere.

Sûnt de maitiid fan 2014 begjint de rykswei 7 by knooppunt Coenplein. Earder wie it Prins Bernhardplein it begjin fan de A7. Al by it nûmerjen fan de ôfritten waard der rekken mei holden dat it earste part fan de A8 dûbel nûmere wurde soe. Dy dûbele nûmering waard dien omreden it lange ôfstânsferkear fan de A10 en A7 gjin ferlet hie om op in koart eintsje lette te moatten op in oar dyknûmer.

Provinsje Gemeente km. # Namme Diken Nijsgjirrigens
Noard-Hollân Saanstêd 0 Begjin op it Prins Bernhardplein yn Saandam.
4 BERJAYA Saandam Begjin
5 BERJAYA Knooppunt Saandam A8
7 BERJAYA 2 Zaandijk Foar Saanske Skâns
Wormerlân 11 BERJAYA 3 Wijdewormer
Purmerein 14 BERJAYA 4 Purmerein-Súd N235
15 BERJAYA 5 Purmerein
17 BERJAYA 6 Purmerein-Noard N244
Koggelân 29 BERJAYA 7 Avenhorn/Hoarn-West N243, N247
Hoarn 32 BERJAYA 8 Hoarn
34 BERJAYA 9 Hoarn-Noard N302
Medemblik 36 BERJAYA 10 Wognum N241
39 BERJAYA 10a Abbekerk
43 BERJAYA 11 Medemblik N239
Hollâns Kroan 50 BERJAYA 12 Middenmeer N242
55 BERJAYA 13 Wieringerwerf N240, N248
64 BERJAYA 14 Den Oever N99
BERJAYA Ofslútdyk
Fryslan Súdwest-Fryslân 97 BERJAYA - Koarnwertersân
101 BERJAYA Knooppunt Surch A31
101 BERJAYA 15 Surch
105 BERJAYA 16 Wytmarsum
110 BERJAYA 17 Boalsert-Noard
112 BERJAYA 18 Boalsert-East
115 BERJAYA 19 Nijlân
118 BERJAYA 20 Snits-West
119 BERJAYA 21 Snits-Súd
119 BERJAYA 21a Snits-Wâldfeart
120 BERJAYA 22 Snits-East
Skarsterlân 133 BERJAYA 23 De Jouwer-West
136 BERJAYA Knooppunt De Jouwer A6
140 BERJAYA 25 Aldehaske
It Hearrenfean 142 BERJAYA 26 It Hearrenfean-West
144 BERJAYA Knooppunt It Hearrenfean A32
147 BERJAYA 26a Tsjalbert
Opsterlân 152 BERJAYA 27 De Gordyk
158 BERJAYA 28 Beetstersweach
Smellingerlân 161 BERJAYA 29 Drachten-Sintrum
165 BERJAYA 30 Easterwâlde N381
165 BERJAYA 30a Drachten N31
Opsterlân 170 BERJAYA 31 Fryske Peallen N358
Grinslân Mearum 176 BERJAYA 32 Mearum
180 BERJAYA 33 Boerakker N388
De Like 184 BERJAYA 34 De Like N372
Grins 191 BERJAYA 34a Westpoort (Grins)
193 BERJAYA 35 Hoogkerk N372
196 BERJAYA 36 Ring Grins-West N370
de rûte oer de Ring Grins is nûmere as N7
196 BERJAYA 36a Martini-sikehûs
197 BERJAYA Julianaplein A28
198 BERJAYA 37 Helpman
198 BERJAYA 37a Oosterpoort
199 BERJAYA 38 Knooppunt Europaplein
? BERJAYA Euvelgunne N46
? BERJAYA 39 Engelbert
De dyk giet sa fierder as A7:
Hoogezand-Sappemeer 213 BERJAYA 40 Foxhol N386
215 BERJAYA 41 Hegesân N387
218 BERJAYA 42 Sappemeer
Menterwâlde 222 BERJAYA 43 Súdbroek
224 BERJAYA 44 Noardbroek N33
Scheemda 230 BERJAYA 45 Scheemda N362
232 BERJAYA 46 Hilligerlee
Wynskoat 240 BERJAYA 47 Wynskoat N367
Bellingwedde 246 BERJAYA 48 Aldeskâns
Reiderlân 251 BERJAYA 49 Bad Nijeskâns
BERJAYA Grins mei Dútslan; de dyk giet fierder as de Dútske A280.

By Snits giet de A7 ûnder it Geau-akwadukt troch, de Prinses Margriettunnel foar it Prinses Margrietkanaal.

Grutte Bylden oan de A7

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn dizze gallery ûntbrekt de Ballon fan Stiel by De Jouwer (2023)


Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dit byld stie by Kolham mar is yn de rin fan de jierren kontrofersjeel wurden, it byld is yn 2025 ûntmantele en it is net dúdlik of't it weromkomt. It komt yn elts gefal net wer yn 'e middenberm fan de A7 te stean.
Diken yn FryslânFlagge fan de Provinsje Fryslân
Rykswegen: A6A7A31/N31A32/N32
Provinsjale diken: N351N353N354N355N356N357N358N359N361N369N380N381N383N384N390N392N393N398N910N913N917N918N919N924N927N928N979N981
Jeropeeske wei: E22
Knooppunten: Knooppunt De JouwerKnooppunt It HearrenfeanKnooppunt OerterperfallaatKnooppunt SurchKnooppunt Werpsterhoeke
Rûnwegen: Ring LjouwertRing Snits
BERJAYA · BERJAYA · Berjocht bewurkje