close
Springe nei ynhâld

Kalikstus II

Ut Wikipedy
Kalikstus II
BERJAYA   kristlik lieder
BERJAYA
amt en titulatuer
amtpaus fan Rome
tsjerkeRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdombisdom Rome
sitHillige Sit
amtsperioade1119-1124
foargongerGelasius II
opfolgerHonoarius II
persoanlike bysûnderheden
bertenammeAntonio Pignatelli
bertedatum1060
berteplakQuingey
stjerdatum13 desimber 1124
stjerplakRome
etnisiteitFrânsk

Kalikstus II (berne om 1060 hinne as Guido fan Boergonje – ferstoarn op 13 desimber 1124), wie paus fan 1119 oant 1124. Syn regear foel yn in tiid dat der in fûle striid wie tusken it pausdom en de Dútske keizer oer de fraach wa't biskoppen beneame mocht, de saneamde ynvestituerstriid. Paus Kalikstus II brocht mei it Konkordaat fan Worms in ein oan 'e iuwenlange machtsstriid en lei dêrmei de grûnslach foar in nij lykwicht tusken Tsjerke en Ryk yn midsiuwsk Europa.

Guido fan Bourgondië kaam út in heech adelsskaai. Hy wie in soan fan greve Willem I fan Bourgonje en hie famyljebannen mei ferskate Europeeske hearskers, ûnder oaren mei keizer Hindrik V.

Foardat er paus waard, wie er aartsbiskop fan Vienne yn Frankryk. Dêr makke er namme as bemiddeler en as man fan 'e Gregoariaanske herfoarming, dy’t de striid oanbûn tsjin simony (it ferkeapjen fan geastlike amten) en tsjin de lekeynvestituer (dat leken, lykas de keizer, biskoppen oanwiisden).

Nei de dea fan paus Gelasius II yn 1119 waard Guido ta paus keazen en naam er de namme Kalikstus II oan.

Ynvestituerstriid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De saneamde ynvestituerstriid wie in oanhâldende machtsstriid tusken de paus en de Dútske keizer oer de fraach wa't biskoppen beneame mocht. Under keizer Hindrik IV wie it konflikt al út 'e hân rûn. Syn soan Hindrik V naam it wer op, sadat de striid oanduorre doe't Kalikstus paus waard.

Yn it begjin stie de nije paus noch skerp foar de keizer oer, dy’t sels tsjinpausen stipe hie. Mar Kalikstus wie in realist en socht op 'en doer nei in kompromis.

Yn 'e tiid fan Kalikstus II hiene joaden faak te lijen fan krúsfarders ûnderweis nei it Hillige Lân of oare kristenen. De paus erkende dat soks yn striid wie mei de kristlike lear en mei eardere beskermingsregels foar joaden.

Al gau nei syn útferkiezing as paus joech Kalikstus II dêrom de bul Sicut Judaeis út. Dy bul wie in pauslike ferklearring dy't de rjochten fan joaden yn kristlike lannen beskermje moast. Yn dy bul feroardene de paus dat joaden net twongen wurde mochten ta doop of bekearing, dat harren libben, eigendom en religieuze frijheden respektearre wurde moasten, dat se net steurd wurde mochten by it fieren fan harren feesten of rituelen en dat joadske begraafplakken net skeind wurde mochten. By it skeinen fan 'e regels fan 'e bul drige ekskommunikaasje.

De bul Sicut Judaeis wie net de earste fan syn soarte, ek eardere pausen, lykas Gregoarius IV en Aleksander II hiene sokke ferklearrings útjûn. Kalikstus II makke der lykwols in standertdokumint fan en syn ferzje waard sa wichtich, dat folgjende pausen harren eigen Sicut Judaeis-bullen útjoegen as fernijing fan 'e oarspronklike tekst. De Sicut Judaeis-tradysje bleau oant yn 'e lette midsiuwen bestean en waard by nije ferfolgingsweagen faak op 'e nij útjûn. Lokale machtshawwers holden harren lykwols net altiten oan 'e pauslike dekreten.

It Konkordaat fan Worms (1122)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
BERJAYA
Oarkonde fan it konkordaat.

De grutste prestaasje fan syn pontifikaat wie sûnder mis de frede mei it Hillige Roomske Ryk. Yn 1122 waard tusken de paus en Hindrik V it Konkordaat fan Worms sletten, in oerienkomst dy't in ein makke oan 'e ynvestituerstriid.

Yn it koart kamen de ôfspraken der op del dat de keizer noch wol wrâldske machtssymboalen oerdrage mocht, mar dat de paus it rjocht hie op 'e geastlike wijing. It beneamen fan biskoppen soe plakfine yn 'e oanwêzigens fan 'e keizer. Dêrmei waard de iuwenlange striid tusken Tsjerke en Ryk einlings bylein.

Yn 1123 rôp Kalikstus II it Earste Lateraanske Konsylje byinoar, dat wie it earste grutte oekumenyske konsylje dat yn Rome holden waard. Dêr waard it Konkordaat fan Worms befêstige en waarden ferskate herfoarmingen trochfierd: ûnder oaren it ferbod op simony en op houliken ûnder prysters.

Kalikstus stie foar in fersterking fan it pausdom nei desennia fan ynterne striid en ûnder syn lieding krige it pausdom wer algemiene erkenning as geastlik lieder fan West-Europa.

Kalikstus ferstoar yn desimber 1124 yn Rome. Syn pontifikaat wurdt sjoen as in momint fan feriening en stabilisaasje yn 'e midsiuwske tsjerkeskiednis. Mei diplomasy en fernimstigens slagge him wat syn foargongers net foar inoar krigen: in lykwicht fine tusken de machten fan Tsjerke en Ryk.

Hilligenferearing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kalikstus waard nei syn dea as in hillige fereare sûnder in offisjeel proses lykas dat hjoed-de-dei wenst is. De feestdei fan Sint-Kalikstus op 'e hilligekalinder is 13 desimber, de dei fan syn ferstjerren († 1124).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
BERJAYA Pausen yn 'e 12e iuw

Gelasius II · Kalikstus II · Honoarius II · Innosintius II · Selestinus II · Lusius II · Eugenius III · Anastasius IV · Adrianus IV · Aleksander III · Lusius III · Urbanus III · Gregoarius VIII · Klemins III · Selestinus III · Innosintius III


BERJAYA · BERJAYA · Berjocht bewurkje