close
Springe nei ynhâld

Kebek (stêd)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Quebec (stêd))
Kebek
Québec
Kebek
Kebek
Symboalen
BERJAYA
BERJAYA
Bestjoer
Lânflagge fan Kanada Kanada
ProvinsjeKebek
RegioCapitale-Nationale
Sifers
Ynwennertal549,459 (2021)[1]
Oerflak452,30 km²
Befolkingsticht.1.214,8 ynw./km²
Hichte98 m
Oar
Stifting3 july 1608
PostkoadeG1A–G2N
Netnûmer+1 418, 581 en 367
TiidsôneUTC−5 (EST)
SimmertiidUTC−04:00 (EST)
Koördinaten46° 49' NB, 71° 13' WL
Offisjele webside
www.ville.quebec.qc.ca
Kaart
Kebek (Kanada)
Kebek

Kebek is de haadstêd en de twadde stêd fan 'e provinsje Kebek yn Kanada.

De stêd leit oan 'e rivier de Sint Lorentz yn it súdlike part fan 'e provinsje, noardeast fan Montréal.

Nei't de lêste iistiid sa'n 11.000 jier lyn einige, wennen de earste minsken yn it gebiet fan it hjoeddeiske Kebek. Yn 'e rin fan 'e tiid ûntstiene dêr ferskate lânseigen folken, ûnder oare de Algonkinen, Huron-Wendat, Innu, Irokezen en Mi'kmaq. Hja libben fan 'e jacht, de fiskerij en it sammeljen fan iten. De namme Kebek komt fan in Algonkynsk wurd dat "fersmelling" betsjut, ferwizend nei it plak oan 'e rivier de Saint Lawrence dêr't de rivier smeller wurdt.

BERJAYA
Moeting fan Jacques Cartier mei de lânseigen befolking yn Stadacona, 1535.

Yn 1534 berikte de Frânske ûntdekkingsreizger Jacques Cartier de kust, en in jier letter fear er de rivier de Saint Lawrence op. Hy besocht doe it Irokeeske doarp Stadacona, op it plak dêr't letter de stêd Kebek ûntstie. Fan it Irokeeske wurd kanata foar 'doarp' ûntstie letter de namme Kanada.

Om 1600 hinne waard de pelshannel foar de Frânsen hieltyd wichtiger. Samuel de Champlain sleat yn 1603 in bûnsgenoatskip mei de Innu, de Wolastoqiyik en de Mi'kmaq. Dy gearwurking makke de Frânske kolonisaasje mooglik en late ta lange oarloggen mei de Irokezen, dy't oant it begjin fan 'e achttjinde iuw duorren.

In earste besykjen fan Cartier om in koloanje te stiftsjen mislearre, mar op 3 july 1608 stifte Samuel de Champlain Kebek as de earste fêste delsetting fan Nij-Frankryk.

Yn it begjin bestie Kebek allinnich út in houten fort en in hannelspost, en de stêd groeide stadich. Yn 1629 namen de Ingelsen de stêd yn, mar al yn 1632 kaam Kebek wer yn Frânske hannen. Yn 1663 waard Kebek de offisjele haadstêd fan Nij-Frankryk. Nei in grutte brân in protte jierren letter, yn 1682, waarden in soad houten huzen ferfongen troch stiennen gebouwen.

De Ingelsen bleaunen lykwols in bedriging foar de stêd. Nei de Frede fan Utert yn 1713 kaam der in skoft rêst, wêrtroch hannel en ferfier har fierder ûntwikkelje koene.

BERJAYA
Slach op 'e Flakten fan Abraham.

Yn 'e Sânjierrige Oarloch belegeren de Ingelsen Kebek op 'e nij. Yn 1759 fersloegen hja de Frânsen yn 'e Slach op 'e Flakten fan Abraham, krekt bûten de stêd. Dêrnei foel Kebek yn Ingelske hannen. By it Ferdrach fan Parys yn 1763 waard de stêd definityf Britsk en waard se de haadstêd fan 'e Britske koloanje Kebek.

Yn 1775 besochten Amerikaanske rebellen de stêd yn te nimmen, mar dat mislearre. Yn 1791 waard de koloanje opdield yn Leech-Kanada en Heech-Kanada. Omdat Kebek fan grut strategysk belang bleau, waarden de ferdigeningswurken fierder fersterke. Tusken 1820 en 1832 waard de grutte sitadel boud.

Njoggentjinde iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 1800 hinne makke Kebek in tiid fan ekonomyske bloei troch. De stêd wie in wichtige haven foar skippen dy't reizgers, ymmigranten en guod út Jeropa brochten en grûnstoffen nei Grut-Brittanje ferfierden. Ek de skipsbou ûntwikkele him sterk.

Troch de komst fan in soad ymmigranten út Grut-Brittanje en Ierlân waard de stêd yn 'e rin fan 'e njoggentjinde iuw foar in grut part Ingelsktalich. Letter kaam dêr feroaring yn. De ekonomy rekke yn it neigean troch de Yndustriële Revolúsje en troch de opkomst fan Montréal as wichtich hannels- en yndustrysintrum. In grutte stedsbrân yn 1881 rjochte grutte skea oan.

Oan 'e ein fan 'e iuw ferfearen in soad Ingelsktaligen nei it westen, wylst Frânsktalige boeren har yn Kebek nei wenjen setten. Tagelyk ferlear de stêd har betsjutting as bestjoerlik sintrum. Nei de oprjochting fan 'e Kanadeeske Federaasje yn 1867 waard Ottawa definityf de haadstêd fan Kanada, wylst Kebek haadstêd fan 'e provinsje Kebek bleau.

Tweintichste en ienentweintichste iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
BERJAYA
Ald-Kebek.

Yn 'e tweintichste iuw ûntjoech Kebek him ta in bloeiende provinsjestêd. Yn 1917 waard de Pont de Québec iepene, in grutte brêge oer de rivier de Saint Lawrence.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden yn Kebek twa wichtige gearkomsten fan 'e Alliëarden hâlden. Yn 1985 waard de âlde binnenstêd op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO pleatst, omdat it ien fan 'e bêst bewarre koloniale stêden fan Noard-Amearika is.

Yn 2001 wie Kebek it plak fan in Amerikaanske topgearkomste oer frije hannel, dy't begelaat waard troch grutte protesten. In jier letter waard de stêd útwreide troch de gearfoeging mei ferskate omlizzende gemeenten, al krigen twa dêrfan yn 2004 harren selsstannigens werom.

Yn 2008 fierde Kebek op grutte skaal it 400-jierrich bestean fan 'e stêd.

Kebek groeide yn 'e njoggentjinde en tweintichste iuw út fan in lytse stêd ta in grutte provinsjehaadstêd. Troch de gearfoeging mei ferskate omlizzende gemeenten yn 2002 naam it tal ynwenners flink ta. Tsjintwurdich hat de stêd sa'n heal miljoen ynwenners en de hiele stedsregio mear as 700.000.

Likernôch 96 persint fan 'e ynwenners is Frânsktalich. Dêrmei is Kebek, nei Montréal, de twadde grutste Frânsktalige stêd fan Noard-Amearika. De measte ynwenners binne roomsk-katolyk. De stêd hat in relatyf lyts oantal ymmigranten.

Kebek is opdield yn sân bestjoerlike stedsdielen, dy't op har beurt wer ferdield binne yn lytsere wiken.

Kebek is ien fan 'e populêrste toeristyske bestimmingen yn Noard-Amearika. De histoaryske binnenstêd en de Jeropeeske sfear bringe in soad toeristen.

Kebek is de iennichste stêd yn Noard-Amearika, benoarden Meksiko, dy't noch hielendal troch in stedsmuorre omsletten wurdt. Ek de grutte sitadel makket diel út fan 'e ferdigeningswurken. De âlde binnenstêd, Vieux-Québec, stiet op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

BERJAYA
Notre-Dame-des-Victoires.

De âlde stêd bestiet út in Boppestêd en in Understêd. De Understêd oan 'e rivier is it âldste part fan Kebek en ûntstie as hannelsgebiet om 'e haven hinne. Dêr lizze ûnder oare it histoaryske Place Royale en de Notre-Dame-des-Victoires, ien fan 'e âldste tsjerken fan Kanada. De Boppestêd op Kaap Diamant wie fanâlds it bestjoerlike, militêre en religieuze sintrum fan 'e stêd.

BERJAYA
Château Frontenac.

It bekendste gebou fan Kebek is sûnder mis it Château Frontenac, in hotel yn 'e foarm fan in kastiel dat heech boppe de rivier úttuorket en it oansjen fan 'e stêd behearsket. Ek it Ursulinekleaster, it Seminaarje fan Kebek, de katedraal Notre-Dame fan Kebek en it provinsjale parlemintsgebou hearre ta de wichtichste histoaryske gebouwen.

Krekt bûten de stêd lizze de 76 meter hege Montmorencywetterfal, de ferneamde beafeartstsjerke Sainte-Anne-de-Beaupré en it eilân Île d'Orléans, dat bekend stiet om syn âlde koloniale doarpen en moaie lânskip. Yn 'e stedsgrinzen leit ek it reservaat Wendake, dêr't de Huron-Wendat-mienskip wennet

Kebek is, nei Montréal, it wichtichste sintrum fan 'e Frânsk-Kanadeeske kultuer. De stêd hat in sterk Frânsktalich karakter en is troch UNESCO útroppen ta Literatuerstêd. Dêrnjonken is Kebek in wichtich sintrum foar Frânsktalige kranten, radio en televyzje.

It bekendste evenemint is it Winterkarnaval fan Kebek, it grutste winterkarnaval fan 'e wrâld. Alle jierren yn febrewaris stiet de stêd twa wiken lang yn it teken fan optochten, iisskulptueren, muzyk en winterske aktiviteiten. Ek it simmerfestival Festival d'Été en it feest Les Fêtes de la Nouvelle-France lûke in soad besikers.

It kulturele libben is ryk mei in grut ferskaat. Yn it Grand Théâtre de Québec wurde toaniel, opera, muzyk en oare foarstellings jûn. De stêd hat ek in symfony-orkest en in ynternasjonaal bekend keamerorkest.

Ta de wichtichste musea hearre it Musée national des beaux-arts du Québec, mei keunst út de skiednis fan 'e provinsje, en it Musée de la civilisation, dat omtinken jout oan 'e kultuer en skiednis fan Frânsktalich Kanada.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De tekst is foar in grut part ôfkomstich fan 'e Nederlânsktalige wikipedy, sjoch foar boarnen op nl:Québec (stad)