close
Springe nei ynhâld

Arcen

Ut Wikipedy
Arcen
Kastiel Arcen
Kastiel Arcen
Bestjoer
LânBERJAYA Nederlân
ProvinsjeBERJAYA Limburch
GemeenteFenlo
Sifers
Ynwennertal2.911 (2026)[1]
Oerflak12,59 km²
wêrfan 1,53 km² wetter
Befolkingsticht.231 ynw./km²
Hichte16 m
Oar
Stifting1176 (earste fermelding)
Postkoade5944
Netnûmer077
Offisjele webside
www.venlo.nl
Kaart
Arcen (Limburch)
Arcen
Arcen yn Limburch

Arcen is in plak oan 'e Maas yn 'e gemeente Fenlo yn Limburch (Nederlân). By Arcen leit it fierst eastlike punt fan 'e Maas; dêrwei giet de rivier stadichoan mear nei it westen ta. Arcen hearde fanâlds ta de gemeente Arcen en Velden. Dy is yn 2010 opgien yn 'e gemeente Fenlo.

Yn 'e iere midsiuwen hearde Arcen ta it grûngebiet fan Straelen en yn 1064 waard it troch grevinne Irmentrudis skonken oan 'e Abdij fan Siegburg. Yn 1330 skiede Arcen him ôf fan Straelen en waard it in selsstannige hearlikheid, dy't in lien wie fan Gelre. Arcen easke doe al in steapelrjocht op 'e Maas op. De hearlikheid waard tawiisd oan 'e bruorren Fan Buren. Yn 'e 14e iuw hie Arcen al in omwâling mei trije poarten, alhoewol't it plak gjin stedsrjochten hie. De omwâling moast it plak tsjin strafekspedysjes fan konkurrearjende stêden, lykas Fenlo, ferdigenje. Yn 1503 krige Arcen it merkerjocht. Arcen waard nettsjinsteande de omwâling yn 1586 troch Steatske troepen út Fenlo platbaarnd, ynklusyf it yn 1452 stifte Sint-Barbarakleaster, dat bûten de wâlen lei. Yn 1635 en 1646 waard Arcen troch oarlochsgeweld ferneatige en yn 1681 folge dêr in grutte brân.

BERJAYA
Arcen yn 'e 18e iuw. (Jan de Beijer)

Nei 1648 hearde Arcen by Spaansk Opper-Gelre. Yn 'e Spaanske Súksesjeoarloch waard Arcen troch Prusyske troepen beset, en sa bleau it as diel fan Prusysk Opper-Gelre likernôch in iuw lang Dútsk gebiet (oant 1814).

De hjoeddeiske kearn ûntstie yn 'e rin fan 'e 19e ieu en yn 'e twadde helte fan 'e 20e iuw waarden oan 'e noardkant in pear wenwiken byboud.

Yn 1993 en 1995 waard Arcen troffen troch oerstreamingen fan 'e Maas. By de oerstreamingsramp yn Limburch yn 2021 waard de befolking fan Arcen evakuëarre, mar it doarp bleau frij fan grutte swierrichheden.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • It Kastiel Arcen mei de kastieltunen.
  • De Petrus en Paulustsjerke út 1958.
  • Fan 'e eardere festingwurken is de skânstoer oan 'e súdwestkant fan it doarp oerbleaun.
  • Oan it Riedhûsplein stiet in wenhûs út 1666 en it eardere gemeentehûs út 1950.
  • De pleats Kloosterhof oan 'e Ryksstrjitwei 1 is in sletten pleats út 1883.
  • De Wymarse Mûne is in wettermûne út it jier 1677.
  • Yn 'e 17e iuw waard ûnder it Spaansk bewâld in kanaal oanlein, bekend ûnder de namme Fossa Eugeniana. It kanaal moast de Maas mei de Ryn ferbine. By it buorskip Lingsfort lizze de ûnbidich grutte ierden wâlen fan it Fort Lingsfort, dat it kanaal en it slúskompleks beskermje moast.
  • Yn it doarpsgebiet leit sûnt 1989 it Thermaalbad Arcen dat troch in soad minsken besocht wurdt.
  • Tige bekend is de Hertog Jan Brouwerij.
  • De bûlevard is it plak dêr't it doarp oan 'e Maas leit, dêr't in soad toeristyske drokte is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers