Hindrik IV, Diel 1, yn it oarspronklike Ingelsk: Henry IV, Part 1 (folút eins: The First Part of the History of Henry the Fourth), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelskeskriuwer en dichterWilliam Shakespeare. It is yn prinsipe in trageedzje, hoewol't it yn 'e tradisjonele yndieling fan Shakespeare syn wurk ûnder de Shakespeariaanske histoaryske stikken falt. Hindrik IV, Diel 1 foarmet it twadde part fan Shakespeare syn tetralogy (rige fan fjouwer stikken) oer de opienfolgjende regearperioaden fan 'e Ingelske kenings Richard II, Hindrik IV en Hindrik V. It stik set útein mei Hindrik Percy, byneamd Hjitspoar, syn Slach by Humbleton Hill tsjin 'e Skotten ûnder lieding fan 'e Douglas, ein 1402, en einiget mei de dea fan Hjitspoar en de nederlaach fan syn rebellen yn 'e Slach by Shrewsbury, mids 1403. Hoewol't Hindrik IV, Diel 1 basearre is op histoaryske feiten, stie Shakespeare himsels aardich wat frijheden ta mei de stof. It stik is nei alle gedachten op syn letst yn 1597 skreaun, en it waard foar it earst útjûn yn 1598. Fan it begjin ôf oan wie it in tige populêr toanielstik, sawol by de resinsinten as ûnder it publyk. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1965.
Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.
Alle siden fan de Wikipedy falle ûnder de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje. De ynhâld is iepenbier en mei ûnder de lisinsjebetingsten frij ferspraat wurde.