close
Springe nei ynhâld

Siena

Ut Wikipedy
Siena
BERJAYA
Emblemen
BERJAYA               BERJAYA
Bestjoer
Lânflagge fan Itaalje Itaalje
regioBERJAYA Toskane
provinsjeSiena
Sifers
Ynwennertal53.071 (31.05.2025)[1]
Oerflak118,53 km²
Befolkingsticht.447,74 ynw/km²
Hichte322 m boppe seenivo
Oar
Postkoade53100
TiidsôneUTC+1
Koördinaten43°19' N 11°19' E
Kaart
Siena (Itaalje)
Siena

Siena is in stêd yn Toskane, Itaalje. It is de haadstêd fan 'e provinsje Siena. Fanwegen it tige goed bewarre midsiuwske stedsbyld en syn bysûndere skiednis is Siena ien fan 'e grutste toeristyske attraksjes fan Itaalje. De histoaryske stêd falt ûnder UNESCO-wrâlderfgoed.

BERJAYA
Kaart fan Siena út 1640.

It âldste diel fan 'e stêd is op trije smelle heuvels boud en wurdt ek yn terzi, yn trijën, ferdield. De âldste kearn is de Terzo di Città, it gebiet om de domtsjerke. De twadde faze fan 'e ûntwikkeling fan 'e stêd is de Terzo di San Martino yn it súdeasten. De grutste wyk is Terzo di Camollía, dy't ûntstie as lêste fan 'e trije âldste wiken. It plak dêr't de heuvels byinoar komme is it sintrum fan 'e stêd en dêr leit de Piazza del Campo, ien fan 'e grutste midsiuwske pleinen fan Europa. Sûnt de 18e iuw wurdt Siena yn 17 wiken (contraden) ferdield mei in eigen namme, symboal, kleuren en tradysjes. Se spylje in grutte rol yn 'e mienskip, fral by de Palio di Siena, in hynsterace dy't twaris yn't jier organisearre wurdt.

Siena wie ynearsten in Etruskyske delsetting en in lytse Romeinske stêd. Tsjin 'e 5e iuw waard de stêd de sit fan in biskop, mar it duorre oant de 12e iuw doe't in autonome gemeente it eardere aristokratyske bestjoer ferfong. Siena waard in stêd fan kwizekwânsje en stadichoan namen de konsuls dy't de republyk bestjoerden it gewoane folk, of poblani, op yn it bestjoer. De stêd wreide syn gebiet út en de adel mei harren fersterke kastielen om 'e stêd moasten har ûnder de macht fan 'e stêd deljaan. De grutte rivaal fan it yn 'e 13e iuw meast gibellynske Siena wie it Welfyske Florâns. De striid tusken de twa stêden sette yn 1114 útein en duorre met ûnderbrekkingen oant 1555. Doe hiene Spaanske en Dútske troepen in jier earder mei stipe fan 'e hartoch fan Florâns harren kamp by Siena opslein. Yn april 1555, doe't der nei in belis fan in jier foar de ferdigeners neat mear te iten wie, moast de stêd belies jaan. Yn 1559 waard de stêd troch keizer Filips II oerdroegen oan Cosimo I de' Medici, dy't it by it hartochdom foege.

BERJAYA
Retabel fan Duccio, in artyst fan 'e Sieneeske skilder.

Ek op it mêd fan 'e keunsten krige Siena mei Florâns. De wichtige letmidsiuwske of iere-renêssânse Sieneeske skilder Duccio (1253-1319) wurke yn hiel Itaalje. De muorreskildering "Goed Bestjoer" fan Ambrogio Lorenzetti yn it Palazzo Pubblico is in moai foarbyld fan letmidsiuwske keunst en ek in foarstelling fan 'e utopy fan in stedske maatskippij lykas dy doe foarsteld waard. Siena waard slim troffen troch de Swarte Dea fan 1348 en hold syn autonomy yn Toskane oant 1557 .

Sûnt 1995 is it histoaryske sintrum fan Siena in UNESCO-wrâlderfgoedplak.

BERJAYA
Byld fan 'e wolvinne by de katedraal.

Neffens de leginde waard Siena troch Senius en Aschius stifte, twa soannen fan Remus, dy't mei Romulus de stêd Rome stifte hie. Ut benaudens foar de wredens fan harren omke wiene hja út Rome flechte nei it plak, dêr't Siena no leit. Doe't hja út Rome flechten namen hja it byld fan 'e wolvinne mei, dat it symboal fan 'e stêd waard. Om't Senius en Aschius op in swartwyt hynder oankamen ha it wapenskyld en de flagge fan 'e stêd dy kleuren. Neffens in twadde leginde soe de stêd stifte wêze troch de Galjer Senes of Senones.

BERJAYA
Flaggen fan 'e contrade.

It grutste folksfeest fan Siena is de Corsa del Palio, dy't twarres yn it jier holden wurde en al iuwen âld is. It hichtepunt fan it feest is de hynsterace, dy't plak fynt op hynders sûnder seal. Fan 'e 17 contraden dogge 10 mei. It feest begjint de moarns mei in Hillige Misse yn 'e Capella di Piazza, dan wurde de findels ophongen en oan it begjin fan 'e middei wurde de hynders yn 'e tsjerken fan 'e dielnimmende contraden seinige. Alle dielnimmers drage histoaryske kostúms en tige moai is it swaaien mei de findels. It feest duorret ek nei de race noch dagen lang.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
BERJAYA
Katedraal fan Siena.
  • De Duomo di Siena, in yn Italjaanks goatysk boude katedraal út it begjin fan 'e 12e iuw. De haadgevel waard foltôge yn 1380.
  • De Libreria Piccolomini (Piccolomini-bibliotheek) is in bibleteek by de katedraal út 1495. De bibleteek stiet njonken de manuskripen bekend om de fresko's, dy it hiele ynterieur fersiere.
BERJAYA
Piazza del Campo.
  • It Piazza del Campo is it sintrale stedsplein dêr't twarres yn it jier de hynsteracen holden wurde.
  • It Palazzo Pubblico is in goatysk paleis (boud 1297-1310, útwreide yn 'e 14e iuw) en no it stedhûs en museum.
  • De Torre del Mangia is in 102 meter hege klokketoer.
  • San Domenico mei in haadrelikwy fan Katarina fan Siena.
  • Sant'Augostino in kleastertsjerke út de 13e iuw.
  • Basilica di S. Maria in Provenzano
  • Basilica di San Francesco
  • Basilica dell'Osservanza
  • Santuario di Santa Caterina
  • San Domenico mei in koprelyk fan Katarina fan Siena
  • Sant'Augostino is in 13e-iuwske kleastertsjerke.
  • De synagoge fan Siena datearret út 1786,

De stêd telt in grut tal musea.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: