close
Springe nei ynhâld

Reagers

Ut Wikipedy
Reagers
ielreager
ielreager
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje:reagerfûgels (Ardeidae)
skaaireagers (Ardea)
Linnaeus, 1758

Reagers (Ardea) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae) út it skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes).

Ardea is Latyn foar reager. Oer it generaal binne it grutte fûgels mei lange poaten en in lange nekke. Se binne faak in stik grutter as de soarten út it skaai Egretta. Typysk foar Ardea is dat se mei in ynlutsen nekke fleane. Dat ûnderskiedt de soarte fan earrebarren of kraanfûgels, dy't yn 'e flecht in rjochte nekke ha.

De snaffels binne krêftich ûntwikkele en dolkfoarmich, dy't goed oanpast binne om fisken, amfybiën of lytse sûchdieren te fangen. De nekke hat in oanpaste wringe, dy't it de fûgel mooglik makket om hiel rap út te heljen as se in proai sjogge. De fûgels komme meast yn en by ûndjip wetter foar, sawol sâlt as swiet, dêr't se ûnferweechlik seane te wachtsjen as in proai foarby komt.

It nêst wurdt faak heech yn beammen fan tûken boud. In soad soarten briede yn koloanjes.

It skaai telt 16 soarten.

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeFerspriedingStatus
BERJAYA ielreager Ardea cinerea Jeropa, Afrika, Aazje[1] net bedrige
BERJAYA grutte blauwe reager Ardea herodias Noard-Amearika, Midden-Amearika[2] net bedrige
BERJAYA sokoireager Ardea cocoi Súd-Amearika[3] net bedrige
BERJAYA wythalsreager Ardea pacifica Austraalje, Nij-Guinea, eastlik Yndoneezje[4] net bedrige
BERJAYA| swartkopreager Ardea melanocephala Afrika besuden de Sahara[5] net bedrige
BERJAYA Madagaskarreager Ardea humbloti Madagaskar, Komoaren[6] bedrige
BERJAYA wytbúkreager Ardea insignis Himalaya (Bûtan, Yndia, Birma)[7] krityk
BERJAYA roetreager Ardea sumatrana Súd-Aazje, Súdeast-Aazje, Nij-Guineä, noardlik Austraalje[8] net bedrige
BERJAYA reuzereager Ardea goliath Afrika, Midden-Easten[9] net bedrige
BERJAYA reade reager Ardea purpurea Afrika, Jeropa, Aazje[10] net bedrige
BERJAYA grutte wite reager Ardea alba Yn tropyske en tuskenbeide gebieten oer de hiele wrâld[11] net bedrige
BERJAYA middelste wite reager Ardea intermedia Súdeast-Aazje, Austraalje[12] net bedrige
BERJAYA wite plúmreager Ardea plumifera Austraalje, Nij-Guineä, eastlik Yndoneezje[13] net bedrige
BERJAYA gielsnaffelreager Ardea brachyrhyncha Afrika[14] net bedrige
BERJAYA feereager Ardea ibis Afrika, Jeropa, Súd-Amearika, Noard-Amearika, West-Aazje[15] net bedrige
BERJAYA Easterske feereager Ardea coromandus Súd-Aazje, East-Aazje, Austraalje[16] net bedrige
Boarnen, noaten en/as referinsjes: