Kikkerts

Kikkerts of froasken (wittenskiplike namme: Anura) binne ien fan de trije groepen fan amfibyen, neist de salamanders (Caudata) en de wjirmsalamanders. Kikkerts binne fierwei de grutste groep; fan de likernôch 8400 soarten amfibyen heart rûchwei 88% by de kikkerts. Der binne tsjintwurdich hast 7600 ferskillende soarten kikkerts beskreaun. Kikkerts yn hast alle dielen fan de wrâld en libje yn sterk útinoar rinnende habitats.
Kikkerts hearre by de rêchbonkedieren, se hawwe fjouwer poaten mar gjin sturt en ferskille dêrmei fan de measte oare amfibyen. Alle kikkerts hawwe in ôfplatte, parfoarmige bealch en útpûljende eagen. De kop en bek binne breed, de lange efterpoaten binne spiersterk en goed ûntwikkele. Kikkerts binne de iennige bisten dy't in kwêkblaas hawwe en dêrmei eigensoartige lûden meitsje om inoar te lokjen. Krektas oare amfibyen binne kikkerts kâldbloedich,dêr is sawol de bloedsomloop as it sykheljen op oanpast. In oantal soarten hâldt in simmerrêst of wintersliep om tige waarme respektyflik kâlde tiden fan it jier troch te kommen.
De ûntwikkeling fan de larve oant folwoeksen kikkert is unyk binnen de wringedieren. Kikkerts trochrinne in folsleine metamorfoaze wêrby't de larve der gâns oars útsjocht as de folwoeksen kikkert. Kikkerts ite in breed ferskaat oan proaien, meastal lytse bisten as ynsekten en oare net-wringedieren. De gruttere soarten ite soms lytse wringedieren. Kikkerts hawwe dêrneist in soad natuerlike fijannen, lykas fisken, fûgels, sûchdieren en reptilen. In protte soarten wurde direkt of yndirekt bedrige troch de minske, in tal soarten is dêrtroch bot bedrige of útstoarn.
Sûnt 1985 is it tal beskreaune amfibyen mei mear as in tredde tanomd, dat jildt benammen foar de kikkerts. De yndieling fan 'e kikkerts is troch dizze konstante stream fan nije ynsichten sterk feroare. It feit dat guon soarten podde neamd wurde is dêr in foarbyld fan, dat hat hjoed-de-dei gjin wittenskiplike basis mear.
